Yn it rom
Yn it rom wolle wy de sfear fan eartiids nei in dei aaisykjen wer belibje. Sa smûk mei inoar en de âlde ferhalen op ‘e nij hearre. We klaaie it rom fan it skûtsje dêrfoar oan mei skragen en banken, in âlde tafel mei piteroaljestel, in panne mei gehaktballen, flearmûs oan de solder, gleske of romerke mei it ien of oar op tafel. En jo binne op en yn dizze unike lokaasje tige wolkom, de hiele wike fan 26 april oant en mei 1 maaie 2021 alle jûnen fan acht oere ôf.
Oan ‘e ein fan de buorren yn Dearsum lizze de boaten dêr’t de leden fan De Ald Hij op harren Keninklike Dagen gebrûk fan makken.
De skou 1920
De pream 1921 – 1924
It skûtsje 1925 – 1927
De Ankawi 1928 – 1968