Skiednis en takomst
It sykjen fan ljipaaien is in iuwenâlde tradysje. Aaisykjen, it hat iuwen lang ferbûn west mei it Fryske folk, it siet yn syn bonken en bloed. Fryslân, in lân dêr’t troch de iuwen hinne in grut part fan de befolking ien wie mei lân, wetter, loft, fûgels en fisken. Dit ienwêzen mei de natuer makke, dat yn it foarjier de aaien fan de greidefûgels socht en by tûzenen fûn en meinommen waarden sûnder dat dit it natuerlik lykwicht oantaaste.
Net dat it aaisykjen doe sûnder problemen wie, nee, ek yn it fiere ferline waarden oan it aaisykjen al beheinings oplein. Sa wie der in perioade dat it allinne oan de Adel, Geastlikheid en de Lânhearre tastien wie te aaisykjen of de aaien sykje te litten. Troch de iuwen hinne waard benammen it farske Fryske ljipaai sjoen as in delikatesse. De hegerein, de Adel, Geastlikheid en de Lanhearren, sy pronken op har dinertafels mei Fryske ljipaaien. En dat net allinne yn Nederlân mar benammen yn Ingelân en Frankryk. Der wie fraach nei dat farske Fryske ljipaai, it brocht jild op. Benammen de earste betide ljipaaien koene djoer ferkocht wurde. De lêste aaien wiene iten foar it folk. Der kaam gjin ein oan it meinimmen fan de greidefûgelaaien.
Yn 1750 kaam der foar it earst in slutingsdatum foar it meinimmen fan aaien en wol op ien maaie. It rjocht om aaien te sykjen waard yn de njoggentjinde iuw in foarm fan jild fertsjinjen foar de ienfâldige minsken, de measttiids earme loswurkman dy’t besocht mei it sykjen en ferkeapjen fan aaien in stik brea te fertsjinjen. Dy tige betûfte en fûle saneamde brea-aaisikers swalken no de fjilden troch en brochten tûzenen en tûzenen aaien op de merk. Jier yn jier út, sûnder it natuerlik lykwicht oan te taasten.
Sa ein achttjinhûndert kaam der ek in oar type aaisiker yn ’t fjild: de saneamde sport-aaisiker. Dy aaisikers, meast mannen, wiene mear de genieters, de swalkers yn it frije fjild, dy’t om de sport de striid oangiene mei de ljip en de oare greidefûgels om harren aaien. Dy sportaaisiker wol syn betûftens yn it finen fan de aaien wolris mjitte yn in kameraatskiplik ferbân mei oare aaisikers. En sa komme der dan de earste aaisikersklups, benammen yn it wetterlân.
De Ald Hij fan Dearsum 1920
Doe’t der yn Dearsum trije mannen wiene dy’t de lêste snein fan april yn it jier 1920 mei in skou en striemin waar te aaisykjen giene nei de Tersoalster Brekken, wiene dat de earste stappen fan aaisikersklup De Ald Hij fan Dearsum. In jier letter wiene der noch trije mannen dy’t mei woene, dat de skou wie te beheind en sa rekke men de fjilden yn mei de pream fan Anton Riemersma, komelker yn Dearsum. In nacht oerbliuwe yn de pream mei stoarmwaar en bergen reinwetter makke in ein oan dit hachlik aventuer yn de pream. Tenei gie men mei it skûtsje fan Jelle Engelsma, turf- en modderskipper mei as thúshaven Dearsum. Yn de beage lûkend, as it koe silend nei harren kriten, bivakearjend yn it rom dêr’t se nachts yn it strie harren sliepstee hiene. Mar hachlike aventueren mei skea oan it skip yn stoarmwaar op de Snitser Mar makken dat ek dêr in ein oan kaam.
O, wat siet it dreech, hoe moast it no, der wie in prachtige mooglikheid, mar hoe komme se út de kosten?! Se doarsten it lykwols oan en stapten yn in nij aventuer. Och leave minsken wat in opskuor yn de buorren doe’t De Ald Hij yn 1928 foar it earst mei de motorkruser ‘Ankawi’ fuort soe en dy yn it Dearsumer haventsje lei. Hiel Dearsum rûn út. De helte fan it doarp spruts der skande fan, te aaisykjen mei in motorkruser. Wêr moast dat fan betelle wurde?! En se sille ek noch wol in slokje mei ha, moast mar rekkenje. De húshâlding moat it belije, skande, skande!
Troch de tiden hinne is de aaisikersklup De Ald Hij fan Dearsum mei de tiid meigroeid. Noait gie it fansels, altyd is der foar striden om as klup bestean te bliuwen. De Ankawi dêr’t ienris it doarp foar útrûn en skande fan spruts fanwege jildfergriemerij, dyselde Ankawi waard ferruile foar in noch gruttere, lúksere motorkruser mei in skipper/kok. De mannen fan De Ald Hij fan de begjinjierren kamen op in leeftiid, dat se de lopen net mear dwaan koene, se koene de drege dagen net mear oan. En mei bliedend hert stiene se harren plakken ôf.
Se waarden opfolge troch fûle jongkeardels, betûft yn it finen fan aaien en foar waar en wyn en de duvel net benaud. Sy foarmen doe de kearn fan de klup en neat koe har tsjinhâlde. Ek sy moasten mei yn de feroarjende wrâld mei ruilferkavelingen, nije dyken en pleatsen, in oar wetterbehear en in oar gebrûk fan de greiden. Produksje waard doe en is no noch it kredo. De Ald Hij belibbe syn trije Keninklike Dagen sa’t se de trije aaisikersdagen altyd neamden, nettsjinsteande alle feroarings dochs elk jier as in grut genietsjen fan fjild, fûgels en freonskip.
Fan in natuerlik lykwicht fan minske mei fjild, wetter, loft, fûgels en fisken wie lykwols al lang gjin sprake mear. De greidefûgelstân rûn jier op jier tebek. Oant it safier wie dat men it maatskiplik net mear fan dizze tiid fûn dat der noch om ljipaaien socht waard. It ljipaaisykjen waard ferbean.
Yn de skiednis fan dizze no 100-jierrige aaisikersklup hat it faaks in skrabjen west om de sinten byelkoar te krijen foar syn Keninklike Dagen. No is dat alhiel gjin probleem, we libje yn weelde fergelike mei ús foargongers. Mar jild is net alles, de priis dy’t we mei-inoar foar ús weelde betelje is in greidelânskip sûnder fûgels en blommen.
Hjoed
Dat wat iuwenlang wie, wat hearde by Fryslân en syn folk yn in harmoanysk gehiel fan minske, grûn, wetter, loft, fûgels en fisken, dat hat west. Nettsjinsteande dat, wol aaisikerklup De Ald Hij bestean bliuwe. Bestean bliuwe as in diel fan it ymmaterieel erfgoed fan Fryslân. Dat wat tûzenen Friezen yn de besnijing hân hat, iuwen en iuwen, elke maitiid wer opnij, dat mei net yn in pear jier ferlern gean. Der moat wat fan dy rike histoarje oerbliuwe.
Dêrom geane we no elk jier begjin april noch trije dagen it fjild yn. De lúkse motorkruser is ynruile foar in geryflike simmerwente op Marsherne yn Poppenwier. By de Snitser Aldfeart en de Tersoalster Brekken ha we in soad minsken dêr’t we wolkom binne om yn gearwurking mei boer en pleatslike neisoargers de aaien fan de greidefûgels op te sykjen en yn kaart te bringen.
Mei behindige boatsjes farre we no nei 100 jier wer yn deselfde omkriten as dêr’t De Ald Hij syn earste stappen sette. We fiere elk jier ús trije Keninklike Dagen mei it finen fan in pear hûndert aaien yn in grut genietsjen fan fjild, fûgels, wetter en loft by de Tersoalster Brekken en yn freonskip op Marsherne.
De takomst
De Ald Hij fan Dearsum bestiet yn 2020 hûndert jier. Dêr wolle de sân leden en skipper/kok Auke rom omtinken oan jaan. Us earelid Gjalt de Groot, al mear as fyftich jier lid fan De Ald Hij, hat de opdracht krigen in boek te skriuwen oer 100 jier aaisykjen yn Fryslân mei as reade tried de skiednis fan De Ald Hij fan Dearsum. It boek moast elk dy’t wat mei aaisykjen hie op in pakkende wize meinimme nei dat wat ea west hat. Dat boek is klear mei as titel ‘Warkeweet wie ús kreet!’
Mooglik kin dit 100-jierrich bestean ek oanlieding wêze ta it meitsjen fan plannen om alles wat ienris oangeande aaisykjen bestie, foar de takomst te bewarjen. Sa dat we letter net sizze: ‘Och pake hie sa’n prachtich moai ……., it sil wol weismiten wêze!’. De leden fan aaisikersklub De Ald Hij fan Dearsum sûnt 1920 komme op in leeftiid dat ek sy ynkoarten sizze sille: ‘It is myn tiid, it sit derop’.
Der moatte wer jongemannen komme, dy’t harren plakken ynnimme. Meigeand yn de tiid hoege hja gjin betûfte, fûleinige aaisikers te wêzen, foar waar en wyn en de duvel net benaud. Dy nije leden sille stride moatte foar it behâld fan wat ienris tûzenen Friezen yn de besnijing hie: it ljipaaisykjen as ymmaterieel erfgoed fan Fryslân yn de breedste sin fan it wurd. De aaisikersklup De Ald Hij fan Dearsum sûnt 1920 kin dan noch op ‘e nij in prachtige tiid temjitte gean.