Op ûndersteand oersicht kinne jo sjen wannear’t der (noch) mooglikheden binne om te farren.
Der farre twa preammen: Geert maksimaal 20 persoanen, Erik maksimaal 30 persoanen. Alle dagen fan moandei 26 oant en mei snein 2 maaie 2021.
boekt | noch beskikber | |
moandei 26 april | 3 | 47 |
tiisdei 27 april | 20 | 30 |
woansdei 28 april | 34 | 16 |
tongersdei 29 april | 45 | 5 (fol?) |
freed 30 april | 50 | 0 (fol) |
sneon 1 maaie | 45 | 5 |
snein 2 maaie | 30 ( Erik) | 0 (fol) |
227 | 103 |
Programma
17.00 – 17.30 Ynrin mei in bakje kofje of tee yn doarpshûs De Finne, neist it kafee by it keatslân. Sjoch flagge by de daam.
17.30 – 18.00 Kuiertocht troch Dearsum nei it byld De Aaisiker. Dêr foar de leafhawwer in priuwke fan ús slokje Warkeweet.
18.00 – 18.45 Farre mei de pream nei Poppenwier.
18.45 – 19.45 Doarpshûs De Trilker yn Poppenwier. Konsumpsje, ferhaal út Warkeweet wie ús kreet. Ferkeap fan dat boek, sinjearre troch Gjalt de Groot. Potstro ite mei sjerp en bret spek. Mar hawwe jo leaver grauwe earte mei útbret spek? Dat kin ek fansels!
19.45 Mei de pream nei de Tersoalster Brekken. Dêr ferhalen oer it aaisykjen en buorkjen fan komelkers yn dy wetterwrâld sa yn de jierren 1920 oant 1970.
21.30 Sa om en de by werom yn Dearsum.
Kosten 25 euro per persoan foar it hiele programma.
Opjefte by: Pieter Siksma, 8644VT Dearsum, nr 45, 06-44725704 p.siksma@comveeweb.nl
De rûnfearten wurde mei sponsere troch
Wettersportbedriuw Lege Geaen Erik & Jikke Jansma
Buorren 29014CE Tersoal
0515 – 521304 Erik 06 – 22373833
www.wettersportbedriuwlegegeaen.nl
Ytkafee De Trilker yn Poppenwier, sponsor fan jubileum
De Ald Hij