It jubileum giet fan start

Snein 19 april 2020 fart de motorkruser de Ankawi
mei de leden fan De Ald Hij fan Dearsum nei Poppenwier.
Op ‘e ein fan de buorren yn Dearsum lizze de skippen dy’t De Ald Hij yn de rin fan de jierren brûkt hat op synKeninklike Dagen.

De skou 1920
De pream 1921 – 1924
It skûtsje 1925 – 1927
De Ankawi 1928 – 1968

De Ankawi mei de leden fan de Ald Hij, 1950.


Dearsum, 20 febrewaris 2020.     BFVW    Littens – Baard – Winsum 

De fûgelwacht fan Littens, Baard en Winsum jout him op foar de preamfeart mei 20 minsken.


Dearsum, 20 febrewaris 2020       Omrop Fryslân en De Ald Hij

Op 8 maart stjoert Omrop Fryslân op ‘e nij de dokumentêre Mannen fan it frije fjild út. Dan nimt de Omrop ek in oankundiging fan it jubileum fan De Ald Hij mei.


Dearsum, 18 febr. 2020         Jefte Bestjoer BFVW

              De jubilearjende Ald Hij fan Dearsum hat fan it Bestjoer fan de BFVW in jefte krigen.


Dearsum, 2 febr.2020.            Bydragen    BFVW – Wommels, Boalsert, Boksum

De earste bydragen fan BFVW-ôfdielingen binne ûntfongen, te witten: Wommels, Boalsert en Boksum. It bankrekkennr. is NL61 RABO 0356 2213 69  op namme fan G. de Groot, fan De Ald Hij


Dearsum, 30 novimber 2019        Reahel
W(ild) B(eheers)E(enheid) Skarsterlân ( jagers ) hâldt in gesellige jûn te Reahel.
As gastsprekker wie Gjalt de Groot útnûge mei fertellingen út it nije boek Warkeweet, wie  ús kreet!  en nei ’t skoft smoute ferhalen.
It foel der tige goed yn mar ek nei it eigen Ald Hij slokje merk Warkeweet wie by de hearen jagers in protte fraach. 


Dearsum, 27 novimber 2019           BFVW    Tytsjerk
Fûgelwachtjûn Tytsjerk. Gjalt de Groot fertelt út  syn nijste boek Warkeweet  wie ús kreet! Ut
de reaksjes die bliken dat it tige yn ‘e smaak foel.


Dearsum, 27 novimber 2019        Dearsum
Doarpsbelang Dearsum preamrûnfeart 50 persoanen


 Dearsum, 27 nov. 2019       De Kwaai – Wergea, Ald Hij – Tersoal, Moarnsier – Reduzum

Oanmeldingen fan de aaisikersklups De Kwaai Wergea 14 persoanen 
De Ald Hij Tersoal 12 persoanen 
Moarnsier Reduzum 7 persoanen Fierders al tal persoanlike oanmeldingen.