Warkeweet wie ús kreet by it finen fan in nêst aaien.
Fjildman en rasferteller Gjalt de Groot (1945) nimt jo yn dit boek mei de romme fjilden yn. Jo wurde dielgenoat fan 100 jier aaisykjen yn Fryslan. Mei as reade tried de belibbings fan de aaisikers fan de sa romrofte aaisikersklup De Ald Hij fan Dearsum sûnt 1920.
Mar it is folle mear as 100 jier aaisykjen. Gjalt is deryn slagge om der yn tige noflik lêsbere taal in tiidsdokumint fan te metisjen, dêr’t elk dy’t wat mei aaisykjen hie of hat him yn weromfynt.
Fan syn hân publisearre Bornmeer:
2009 De jonge aaisiker fan Luctor et Emergo, 2e printinge 2012
2010 It swetshok – ferhalen fan in fjildman, 2e printinge 2013
2011 De aaisiker
2012 It lêste aai
2013 No moatst hearre! smoute ferhalen
2017 No komt it noch! smoute ferhalen.
Útjouwerij Louise:
2020 Warkeweet wie ús kreet
Priis fan Warkeweet wie ús kreet is 20 euro, 250 siden, formaat 17 x 24 sentimeter, roman yn eigen behear fan De Ald Hij útjûn.
It boek is te krijen by:
Gjalt de Groot, Miedwei 11, 9151AH Holwert, 0519-561784, gj.d.groot@hetnet.nl
Piter Siksma, nr. 45, 8644VT Dearsum, 06-44725704, p.siksma@comveeweb.nl
Geert de Groot, Wielsterdyk 27, 9024BD Weidum, 058-2519714, 06-11646046, gdegroot00@gmail.com
Harm Visser, Grou, 0566-623880, stralenvan@kpnmail.nl
Eep Visser, De Wetterwille 116, 9207BL Drachten, 0512-516637, 06-53735140, er.visser@hetnet.nl
Jarig Boersma, Wielsterdyk 2, 9024BD Weidum, 058-2519312 marineke.vdzijpp@hetnet.nl
Sjirk Geart de Groot, Slingerbochten 7, 9012DZ Raerd, 06-12046204, hainja@gmail.com
No’t fanwege de corona-krisis de offisjele oanbieding fan it boek 19 april 2020 net trochgien is, is ‘Warkeweet wie ús kreet’ yn de ferkeap jûn.
Reaksjes fan lêzers:
15 july 2020
Frou Hoogland- v/d Meulen, Marrum
“Ik hie it boek Warkeweet by myn broer Douwe van der Meulen( 84 ) yn Grou brocht. Hy is opgroeid yn Poppenwier . Douwe wie ek sa’n aaisiker en koe alle fjilden rûnom Tersoalster-brekken yndertiid. Douwe sei: Wat in moai boek, wat ha ik dêr fan genoaten, it hat my troch de korona-tiid hinne skuord”.
Aaltsje de Groot, Wurdum
“Ik ha it boek Warkeweet hast út! It is wer moai skreaun en tige flot te lêzen. It is in dokumint foar it neigeslacht, omdat dy hjir letter gjin idee fan ha hoe’t it west hat! Dêrom is it tige wichtich en bliuwt it bewarre. “
Henk Jongsma, Stynsgea
“Tot mijn genoegen lees ik in de Westereender dat U toch weer een nieuw boek hebt geschreven: Warkeweet. Omdat ik alle boeken van U heb en met veel plezier en herkenning heb gelezen en herlezen, wil ik ook graag dit boek.”
Hiske fan de Hegemer Mar
“Wat een prachtich verhaal is het geworden! Hoewel heit het geprobeerd heeft, zat het aaisykjen mij niet in het bloed. Dat heeft echter geen moment gedeerd bij het lezen. Wat een mooie beschrijvingen van de prachtige geschiedenis vol broederliefde, humor maar ook verdriet.
Ik kon niet voorkomen dat er naast veel lachen ook af en toe een traan over de wangen liep”.
André Hornstra, Papendrecht
Iedere avond voordat ik ga slapen lees ik een stukje uit Warkeweet wie ús kreet. Prachtig. Kan me er een prima voorstelling van maken hoe zo’n trip is.
Lolke van der Meer, Wergea
Lolke hat, sa fytsende en pratendewei al 13 boeken ferkocht en hat it fansels earst sels lêzen: “Foar my stie it ferhaal fol wjerkenbere situaasjes, yn ien wurd: prachtich!”
Siebren Siebenga, Tsjalbert
Het blijft boeien en ik vind het heel knap gedaan om zo een boek te maken. Wat zullen de Friezen er over 100 jaar van vinden als ze dit allemaal nog eens lezen ?Aone Haakma, Broeksterwâld
Lêzend tocht ik oan de bruorkes Reitsma út it eardere Ikkerwâld.
Se kwaaiken mei swart/grien opfarve stientsjes. As ik se fûn kletste ik se yn de weake drek fan in wâl. Alle frustraasje siet der dan yn dat kletsen fan dy stien yn de drek. Alde de Bruin út de Falom kwaaike mei lytse jirpeltsjes.
Ik ha doe noch ris in protsje yn de grûn set en we ha der dy simmers fan iten.Jappie Boersma, Snits
Heit seach in kâns fanút de keamer yn’t stik by de Swette. Stjoerde my der hinne en ik socht it ôf mar kaam sûnder aai thús. Heit sei, moat der lizze!! Dat ik wer dat stik ôfsykje en ja hear, wol oer de kop rûn. It komt allegear wer boppe by it lêzen fan dit boek. Warkeweet giet de wrâld oer
Firma Schaap, fee-ekport te Dronryp stjoert net allinne fee nei Kanada, mar ek it boek Warkeweet wie ús kreet!giet mei!
Jehannes Duhoux fan Ljouwert (88)
Jehannes en syn dochter Anneke kamen del.
Gjalt ik wol dy persoanlik tank sizze foar dit prachtige boek. Ik ha gûld en lake, Gjalt wat moai, wat moai.