De skiednis fan De Ald Hij yn koart bestek

It wie de lêste snein fan april 1920 dat Ruurd Hijlkema, Jentsje Douma en Antoon Riemersma mei in skou, in tsjettel poeiermolke en striemin waar fan Dearsum út te aaisykjen giene efter Tersoal en in bytsje aaien fûnen. It wiene de earste stappen fan aaisikersklup De Ald Hij út Dearsum. It tal leden wreide him út, sadat yn 1924 besletten waard om mei it skûtsje fan Jelle Engelsma (turf- en modderskipper mei as thúshaven Dearsum) harren aaisikersdagen te belibjen. Der waard syld, boomd of yn de beage lutsen. De finer fan de measte aaien moast eare wurde. Dêrta waard in medalje oanskaft. Dy medalje waard it jier dêrop sichtber troch dy aaisiker droegen. Ek waard hy troch de oare leden oansprutsen mei de earetitel Keizer. Yn 1928 gie men foar it earst mei in motorboat. As skipper/kok is mei de legindaryske Snitser Jan Wuring, syn broer Arend giet mei as boatsman, in prachtich koppel. In motorboat kin der lykwols yn de krisisjierren 1929 en 1930 net ôf, it is te djoer en men giet wer mei de skou. As it lid Jakob van der Land yn 1932 alle moannen by de leden in kwartsje ophellet en de fûne aaien ferkocht wurde, dan kin mei noch in bytsje bypassen de boat wer betelle wurde. Der is yn 1936 in nije fûgelwet oannommen. De aaisikerstiid wurdt ynkoarte fan 29 nei 19 april yngeande it jier 1938. De leden ha hjir tige it smoar oer yn. As der dan yn ‘38 ek noch mar in bytsje aaien fûn wurde en der ûnderling wat spul komt, hinget it fuortbestean fan De Ald Hij oan in tin triedsje. Mar de Dearsumers sette troch. Yn de oarlochsjierren leit de boat op in fêst plak oan de Snitser Mar. Der is gjin brânstof om te farren. It is ek wat dreger om oan in slokje te kommen, mar de klup kennende sil der grif wat oan board west ha op dy Keninklike Dagen. Foar de yn 1925 oanskafte medalje komt yn 1963 in beker yn ’t plak, dêr’t de namme fan de Keizer yn komt. De medalje sil no in plak krije om de hals fan de foarsitter as er sprekt foar en út namme fan De Ald Hij. De klup bestiet út acht man mei altyd Jan Wuring as skipper/kok, de ûnferjitlike foardrager, de tophumorist dy’t de jûnen sa ûnferjitlik makke. Der waard aaisocht om de Snitser Mar hinne. Ferhalen oer de Grutte Griene, it Jouster Sleatsje libje oant op de dei fan hjoed yn de klup. Yn de jierren 70 en dêrnei set de De Ald Hij ôf nei de kriten ûnder Jutryp/Hommerts, Wâldsein, It Heidenskip en de Bombrekken ûnder Aldegea. It binne romme fjilden dêr’t in aaisiker yn wei wurde kin. Nei in lange dei aaisykjen en in tige gesellige jûn wolle de mannen op it lêst wol ûnder seil. As Gjalt de Groot yn 1969 foar it earst mei giet en om him hinne sjoch wêr’t sliepplak is, sliepe inkele leden al, mei it kolbertjaske oan, de strik noch foar en de pet op. De oare moarns sei Douwe nei’t er de loft skôge hie: ‘Waskje hoecht ek net, de loft stiet as in brijwein’. Mar de tiid hat net stilstien. Der kamen ruilferkavelingen, djipûntwettering, diken en nije pleatsen yn de eartiids sa romme kriten. Aaisikerslân is guozzelân wurden. De tiid hat it gea feroare. Sa is it ek gien mei De Ald Hij, ek dy hat him oanpast oan de tiid. Der wurdt no op in oare wize aaisocht as 80 jier tebek. Net beskreaune regels foarmje in earekoade oangeande hâlden en dragen yn it fjild. Waard der fan 1920 oant 1938 socht yn de lêste wike fan april, no is it de lêste wike fan maart dat De Ald Hij it fjild ynstekt, in moanne earder. Neat is bliuwend. Alde leden binne ferstoarn, jonge mannen hawwe harren plak ynnommen. Mar de geast yn De Ald Hij hat der nea ûnder lit en dat sil, hoopje wy, iuwich sa bliuwe.